Finalisten fierljeppen bekend

11 aug 2012 - 15:44
  • Finalisten froulju en jonges

Op it FK fierljeppen yn Winsum binne de finalisten by de froulju bekend. Hilianne van der Wal, Klaske Nauta en Hiske Galama geane troch. Hiliane wie de bêste mei 15.58. By de junioaren geane Daan de Vries, Alwin Heida, Sytse Bokma en Hans Ulco de Boer nei de finale. Hans Ulco sprong it fierst mei 18.19.

By de senioaren geane Rein van der Wal, Bart Helmholt, Thewis Hobma, Ysbrand Galama en Oane Galama nei de finale. Dy lêste hat mei 19.44 meter noch altyd de bêste sprong oant no ta.

Sybe Bergsma sit ek yn de finale by de junioaren, mar de ynwenner fan Earnewâld moast nei de kwalifikaasje ôfheakje. Hy moast rap nei Schiphol foar syn reis nei Súd-Afrika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)