Finaleplak dosinteferkiezing

03 sep 2014 - 16:57

Skiednisdosint Ellen Rombout fan skoalmienskip rsg Simon Vestdijk sit yn de finale fan de ferkiezing 'leraar van het jaar'. Rombout is nominearre troch learlingen, kollega's en direksje. Fan de hûnderten ynstjoerings sit se no by de lêste trije.

In faksjuery fan learlingen, dosinten en bestjoerders sil de oerbleaune kandidaten no beoardielje. Op de dei fan de learaar, op 4 oktober, wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)