Fin op proef by Cambuur

22 okt 2010 - 13:18

Fan takom moandei ôf sil de Finsk jeugdinternasjonal Tomi Petrescu in wike meitraine mei de seleksje fan SC Cambuur. De 24-jierrige Petrescu, fan orizjine in Roemeen, spilet op dit stuit foar it Finske Tampere United.

Stanley Menzo hat al yn in earder stadium oanjûn dat hy syn seleksje te smel fynt. As Petrescu foldocht, kin hy yn oanmerking komme foar in kontrakt. De rjochteroanfaller spile yn it ferline trije seizoenen foar it Ingelske Leicester City.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)