Filterferkeap yn Ljouwert

14 feb 2006 - 09:50

It bedriuw CEPAration út Helmond iepent in ferkeapfestiging yn Ljouwert. It bedriuw makket membraanfilters. Dêrmei kin ôffalwetter, suvel, wyn en oare floeistoffen suvere wurde. De produkten binne ûntwikkele by TNO yn Eindhoven en troch CEPAration klearmakke foar de kommersjele merk.

Dat de filters yn Ljouwert yn de ferkeap gean komt omdat dêr in soad oan wettertechnology dien wurdt, ûnder oare by it ynstitút Wetsus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)