Filter ferfangt stofsûgerpûden

03 jun 2011 - 12:06

Twa âld-studinten fan de NHL ha in eigen útfining op de merk brocht: in filter foar de stofsûger dat stofsûgerpûden oerstallich makket. It is in soarte fan koker, dy't by de measte stofsûgers past tusken de slang en de stang. It Max-filter sil earst allinnich by drogisterijketen Het Kruidvat te keap wêze.

It earste Max-filter waard freed oan steatssekretaris Joop Atsma fan Miljeu oerlange. It is in duorsum produkt, dat effisjint en maklik is yn gebrûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)