Filmwurk Tour troch Ljouwerter bedriuw goed ferrûn

04 jul 2015 - 17:06

It Ljouwerter filmbedriuw YouBrand is tige tefreden oer it wurk dat sy sneon dwaan koene by de start fan de Tour de France yn de Jaarbeurs Utrecht. Se hiene de opdracht krigen om alles fan dy dei te filmjen. It evenemintesintrum is begjin- en einlokaasje foar de prolooch en startplak fan de twadde etappe fan de hurdfytswedstriid. Der wurde ek sawat 8000 Vips en 2500 sjoernalisten opfongen.

Marco Kraaijeveld fan YouBrand neamt it in unike put. Mei troch it prachtige waar hawwe de Ljouwerters moaie bylden meitsje kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)