Filmwinter Snits lûkt 2100 man

19 jan 2014 - 15:50

De Snitser Filmwinter hat op 'e nij mear besikers lutsen as ferline jier. Dêrmei set de groei fan it filmfestival ek dit jier troch. Mei-inoar kamen tusken tongersdeitejûn en snein sa'n 2100 minsken op it festival ôf. Dat is tsien persint mear as ferline jier.

Dat komt neffens de organisaasje ek trochdat der dit jier gjin iis leit. Dêrtroch binne der mear minsken dy't de bioskoop opsocht hawwe. Ek binne der dit jier foar it earst ek op freedtemiddei films draaid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)