Films út oarloch op Skylge fûn

22 apr 2004 - 00:00

Sietze en Jildou de Vries fan Blik op Souder ha unyk filmmateriaal fan de Twadde Wrâldoarloch op Skylge fûn. De bylden binne makke troch Jan Duijf. Dizze bylden binne mei tastimming fan de Dútsers makke.

Duijf hat filme by it ûnskealik meitsjen fan in oanspielde seemyn, de loftalarmoefening yn it doarp en fansels de befrijing yn 1945. Omrop Fryslân lit de bylden op 28 april sjen yn it programma 'Weromblik'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)