Filmpriis foar Van Duuren

02 sep 2014 - 21:39
  • Links Pieter Verhoeff en rjochts Christian van Duuren

Christian van Duuren út Utert hat mei syn plan foar de film Tussentijd de priis fan it Noordelijk Film Festival wûn. Hy krige tiisdei 10.000 euro foar it meitsjen fan de koarte film, dy't op 4 novimber yn Ljouwert yn premjêre giet. Der dienen tolve kandidaten mei oan de kompetysje, dy't dit jier foar it earst útskreaun wie.

Neffens juryfoarsitter Pieter Verhoeff wie it plan fan Van Duuren realistysk, kreatyf, humoristysk en spannend genôch om te meitsjen. Van Duuren studearret oan de film-akadeemje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)