Filmpriis foar skoalle Ljouwert

26 sep 2006 - 11:47

Skoalmienskip Piter Jelles Nijlân hat de publykspriis wûn op it Nederlands Filmfestival voor Scholieren. Dat wie foar de film 'Op Slot', skreaun en makke troch seis learlingen.

De priis is in reis nei in ynternasjonaal filmfestival foar jongerein yn Grikelân. It filmfestival foar middelbere skoallen is organisearre troch in skoalle yn Lelystêd. Der diene alve skoallen oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)