Filmpriis foar Mirjam de With

26 jul 2012 - 10:38

De film 'Mina Moes' fan de Jouster regisseuse Mirjam de With hat op it Giffoni Filmfestival yn Italië de priis wûn foar de bêste koarte film. Mina Moes giet oer in famke dat gek is op Minny Mouse en dêrom graach mei mûze-earen op nei skoalle wol, mar har mem en de oare folwoeksenen yn har omjouwing wolle dat net lije.

Mina Moes waard útroppen ta bêste film yn de leeftydskategory 6 jier en âlder. It Giffoni Filmfestival is spesjalisearre yn films foar bern en jongerein. Ek de sjuery bestiet út bern en jongeren.

Mei-inoar dogge der wol sa'n 3.000 bern en jongeren mei oan it beoardieljen fan de films. Mei dêrom jildt it winnen fan in priis op dit spesjalisearre festival as earfol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)