Filmopnames Sportman sette útein

23 nov 2004 - 14:55

Opnames foar de Fryske film 'Sportman van de Eeuw' begjinne freed. Der wurdt filme yn it stêdhûs fan Ljouwert mar ek op it Raadhúsplein, yn de Grutte Tsjerkestrjitte en de Poststrjitte. De film giet oer in man dy't it rekord pealsitten fan 500 dagen ferbrekke wol.

De film is in oade oan de Fryske koppichheid en it lânskip. It senario is fan Mischa Alexander. De haadrol wurdt spile troch Jochem ten Haaf. De premjêre is begjin 2006 yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)