Filmmakker Van Gelder stoarn

28 des 2012 - 12:19

Filmmakker Han van Gelder út Wolvegea is ferstoarn. Van Gelder makke yn syn karriêre goed fyftich films en fideo's. Mei in tal dêrfan wûn er in priis. It bekendst waard er mei syn film oer grafikus Escher. Dêr krige er in Oscarnominaasje foar.

Van Gelder wie ien fan de earsten yn Nederlân dy't ûnderwetteropnames makke. Neist dat er selsstannich films makke, wurke er ûnder oare ek foar Marten Toonder en Bert Haanstra. Han van Gelder ferstoar woansdei yn 'e âldens fan 89 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)