Filmke oer Fryslân ynternethit

24 apr 2013 - 17:04
  • Fascinating Friesland 2013

'Fascinating Friesland 2013' is in populêr filmke op ynternet. It is nei oardel dei al mear as 30.000 kear besjoen en ferspraat oer sosjale media. De opdracht kaam fan promoasje-organisaasje 'Beleef Friesland', de opfolger fan it fallite Fryslân Marketing. Doel fan it filmke is foaral om mear saaklike toeristen te lûken. Ivan Pakan hat it betocht en makke. Hy hie dit sukses net ferwachte. Neffens him spilet de voice-over ek in grutte rol by dat sukses. It is ynsprutsen troch Greg Shapiro, bekend fan Comedy Central.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)