Filmhûs wol nei Frysk Museum

01 nov 2007 - 10:50

It Sintrum foar de Film yn Fryslân wol in ûnderkommen ha yn it nij te bouwen Frysk Museum. It sintrum wol graach gebrûk meitsje fan de grutte seal dy't yn it museum komt. Dêrneist soenen der noch twa lytse sealen komme moatte.

Film yn Fryslân hat ferlet fan in nij ûnderkommen. It besteande filmhûs yn Ljouwert wurdt te lyts, omdat it tal besikers tanimt. De ferwachting is dat der oer in pear jier 50.000 minsken komme, no binne dat 20.000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)