Filmhûs nei nij Fries Museum

07 nov 2007 - 11:54

It sintrum foar Film yn Fryslân mei fan it Ljouwerter gemeentebestjoer nei it nij te bouwen Fries Museum op it Saailân. It sintrum foar film, dêr't ek it Filmhûs by heart, sit no noch yn de kelder fan De Harmonie, mar is dêr eins al útgroeid.

Yn it nije museum soene de films yn it auditorium fertoand wurde kinne. Fierder soe yn it nije gebou ien appartemint opoffere wurde moatte foar it Sintrum foar Film yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)