Filmhûs giet los yn Frjentsjer

11 sep 2008 - 09:52
  • Fan oktober ôf films yn de Koornbeurs

Yn Frjentsjer giet op 1 oktober it Filmhûs fan start yn teater De Koornbeurs. Elke earste woansdei fan ´e moanne wurde twa films draaid. Middeis draait der in famyljefilm en jûns ien foar jongerein en folwoeksenen. Om it nije inisjatyf te fieren is de tagong foar de films op 1 oktober fergees.

It seizoen wurdt yn juny 2009 ôfsluten mei foarstellings op lokaasjes yn ´e iepen loft yn Frjentsjer. Ek sil it filmhûs by de doarpen delgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)