Filmhûs dochs yn Frysk Museum

25 feb 2009 - 12:03
  • It nije Frysk Museum dêr't it Filmhûs yn komt

It Frysk Filmhûs komt dochs yn it nije Frysk Museum. Dat hawwe de provinsje, de gemeente Ljouwert en de stichting It Sintrum foar de Film yn Fryslân tiisdei bekend makke. De ferhuzing fan it filmhûs sil 3,5 miljoen euro kostje. It filmhûs sit no noch yn de kelder fan De Harmonie.

It nije filmhûs krijt twa filmsealen dêr't 100 minsken yn kinne en ien grutte seal mei 90 sitplakken. It Frysk Film Argyf dat no by it filmhûs ynsit ferhuzet nei Tresoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)