Filmhûs pear dagen ticht

08 maaie 2012 - 12:34

It Filmhûs yn Ljouwert is nije wike in tal dagen ticht om de apparatuer te ferfangen. De twa 35 milimeter-projektoaren wurde ferfongen troch digitale projektoaren. It Filmhûs docht dat omdat der amper noch films útbrocht wurde op 35 milimeter. Dêrom kin der ek net mear wachte wurde mei de ferfanging oant it filmhûs ferhuzet nei it Saailân, dêr't it tegearre mei it Fries Museum yn ien gebou komt.

As lêste 35 milimeterfilm wurdt dizze wike in tal kearen de klassiker 'Casablanca' draaid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)