Filmfestival stiet faai

22 sep 2003 - 00:00

It Noardlik Filmfestival stiet faai troch besunigings fan 'e provinsje. It Sintrum foar Film yn Fryslân kriget 56.000 euro minder subsydzje fan 'e provinsje.

De besunigings meitsje diel út fan 'e septimbernota fan 'e provinsje. Der is ek minder jild beskikber foar it Frysk Festival en nij- en ferbou fan doarpshûzen. De opposysjepartijen binne ferbjustere oer de besunigings, mei inoar sa'n fjouwer miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)