Filmers wolkom op Noarderleech

16 jun 2009 - 11:48
  • Filmje mei ûnder betingst

De makkers fan de film oer it hynstedrama by Marrum binne ûnder betingst wolkom yn natuergebiet it Noarderleech. Dat hat behearder it Fryske Gea besletten. De natuerorganisaasje is noch net frege, mar hat der wol alfêst oer neitocht.

Der gongen al wylde ferhalen dat der tusken de guozzen filme wurde soe of yn de briedtiid, mar dat stiet it Fryske Gea net ta. Ek moat mei pachters oerlein wurde as it sa fier komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)