Filme ynbrekker jout himsels oan

01 jul 2006 - 14:47

In man (20) út Koatstertille hat himsels by de plysje meld omdat er ein maaie ynbrutsen hie yn in fiskkream yn Oentsjerk. De plysje hie bylden fan de ynbraak op ynternet set. De man herkende himsels op de bylden. Ek oare minsken hiene him herkend. De man fierde de ynbraak út tegearre mei in maat. Dy is ek herkend troch oaren. De plysje tinkt de twadde fertochte ek gau oanhâlde te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)