Filmargyf lit dvd's achter

07 nov 2008 - 15:34

It Fries Filmarchief hat de ôfrûne wike op ferskate plakken yn de provinsje dvd's achter litten. Op de dvd's stean films út it filmargyf. De dvd's binne ûnder oare te finen yn supermerken en bushokjes.

It doel is dat minsken de films besjogge en dêrnei trochjouwe oan in oar. Sa moat der mear omtinken komme foar it Fries Filmarchief. Dat besiket al in skoftke mear subsydzje te krijen. Boppedat fiert it syn 20-jierrich bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)