Film 'Scheepsjongens Bontekoe'

29 feb 2004 - 00:00

It aventoereboek 'De scheepsjongens van Bontekoe' wurdt ferfilme. Regisseur Steven de Jong hat de rjochten krigen fan it wurk fan skriuwer Johan Fabricius.

Foar de haadrollen fan de trije skipsjonges sels moatte noch spilers socht wurde. Renée Soutendijk sil nei alle gedachten de rol fan Hajo's mem fertolke. Peter Tuinman hat ynteresse yn de rol fan skipper Bontekoe. Akteur Chris Zegers spilet in wichtige byrol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)