Film oer kening Redbad

22 sep 2009 - 09:51
  • Kening Redbad soe om it jier 700 hinne wegere hawwe om him dope te litten

Regisseur Steven de Jong wurket oan in film oer de Fryske kening Redbad yn de achtste ieu nei Kristus. Dat hat produsint Klaas de Jong bekend makke. It ferhaal oer kening Redbad is fiktyf, mar spilet him wol ôf by saken dy't wier bard binne, lykas de moard op Bonifatius yn Dokkum.

Produsint De Jong tinkt dat de film tusken de 4 en 5 miljoen euro kostje sil. De opnamen soene oer twa jier begjinne moatte. Steven de Jong sjocht in rol foar Arie Boomsma wol sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)