Film oer Kening Lear

28 apr 2003 - 00:00

Pieter Verhoeff sil in film meitsje oer Kening Lear, de ôfskiedsfoarstelling fan Jos Thie by Tryater. Hy hat dêrfoar oardel ton subsydzje krigen.

Verhoeff folget yn de film ferskate linen. It stik sels is te sjen, en de tariedings fan Rients Gratama efter de skermen. De film moat úteinlik in soarte fan dûbelportret wurde fan Kening Lear en fan Gratama. De film is nei alle gedachten begjin takom jier te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)