Film oer jeugd Tytsjerksteradiel

13 sep 2003 - 00:00

Wolwêzenwurk yn Burgum wol in film meitsje oer de ferskate groepen jongeren yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Doel is om in dokumintêre te meitsjen dy't in goed byld jout fan jongeren en hoe't se yn de wrâld steane.

Ek wol it jongerewurk der troch de film achter komme hoe't se de jongeren yn de gemeente better temjitte komme kinne. Wolwêzenwurk is noch op syk nei spilers foar de film.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)