Film oer gefaar fan fjoerwurk

16 nov 2011 - 15:33

Elske Korenstra út Aldegea (Gaasterlân) spilet de haadrol yn in film dy't warskôget foar de gefaren fan fjoerwurk. Se is fjoerwurkslachtoffer.

Elske rekke twa jier lyn op âldjiersnacht ferwûne yn Koudum doe't in man út dat doarp fjoerwurk yn har freonegroep smiet. Troch de klap ferlear Elske har rjochtereach. De film is makke troch learlingen fan ROC De Friese Poort. De film wurdt brûkt foar foarljochting op skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)