Film oer Foekje Dillema

21 aug 2009 - 16:07
  • Foekje Dillema

De Fryske regisseur Piter Verhoeff wol in film meitsje oer Foekje Dillema en Fanny Blankers-Koen. De film moat it ferhaal sjen litte fan de hurdrinsters dy't yn 1949 grutte konkurinten fan inoar wiene. Yn 1950 waard Foekje Dillema foar it libben skorst omdat sy in man wêze soe, mar nei har dea yn 2007 die bliken dat se in frou wie.

De film moat yn it jier fan de Olympyske Spelen yn 2012 yn Londen útkomme. Dêr wûn Blankers-Koen yn 1948 fjouwer kear goud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)