Film oer Chris Wassenaar

28 apr 2008 - 15:46
  • Chris Wassenaar fan Minnertsgea (foto:Martin de Jong)

Der komt in film oer de keatser Chris Wassenaar fan Minnertsgea. Foar de dokumintêre 'It Partoer' sil regisseur Willem Wits de bruorren Chris en Jacob Wassenaar en Rutmer van der Meer folgje yn de oanrin nei de PC fan dit jier.

Mar de film wol ek toane wat it keatsen foar de Friezen betsjut. 'It Partoer' wurdt makke yn gearwurking mei Omrop Fryslân en sil yn de simmer opnaam wurde. De premjêre is op it Noordelijk Filmfestival yn novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)