Film oer autistyske kriminelen

07 feb 2011 - 16:03

De Fryske plysje brûkt as earste yn Nederlân in film oer autistyske kriminelen. Dy is makke op ynisjatyf fan de Nederlânske Feriening foar Autisme. Yn Nederlân binne likernôch 190.000 minsken mei autisme. Dat is 1 persint fan de befolking.

Minsken mei autisme kinne foar de plysje hiel ûnferwachts reagearje, bygelyks as se oanhâlden wurde. Alle Fryske teamsjefs krije de film. Hy wurdt ek brûkt foar opfriskursussen. Oare korpen krije de film ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)