Film Keatshert nei festivals

25 aug 2009 - 10:02

De film Keatshert is selektearre foar twa wichtige filmfestivals. Ein septimber wurdt de film toand op de Nederlandse Filmdagen yn Utrecht. Yn deselde wike is Keatshert selektearre foar in ynternasjonaal filmfestival spesjaal foar sportfilms yn Ruslân.

De film Keatshert is makke yn opdracht fan Omrop Fryslân en gie yn premjêre op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert ferline jier. De film giet oer it partoer Chris Wassenaar op wei nei de PC fan 2008.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)