'Filip Djuricic nei FC Twente'

29 jan 2013 - 06:58

De lanlike deiblêden melde tiisdeitemoarn dat FC Twente belangstelling hat foar Filip Djuricic fan SC Hearrenfean. Hy soe de opfolger wurde moatte fan Leroy Fer dy't ferkocht is oan it Ingelske Everton.

De ferwachting is net dat Hearrenfean Djuricic sa mar gean litte sil. Der wurdt in bedrach neamd fan 6,5 miljoen. Neffens de kranten binne de klups yn petear oer in eventuele transfer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)