Filip Djuricic nei Benfica

15 feb 2013 - 21:16

It liket derop dat Hearrenfean-spiler Filip Djuricic takom simmer ferhuzet nei it Portugeeske Benfica. Dat meldt it fuotbalblêd Voetbal International. Djuricic sil yn Portugal in kontrakt tekenje foar fiif jier. Neffens VI betellet Benfica 6 miljoen euro foar it 21-jierrige Servyske talint dat op it middenfjild en yn de oanfal út de fuotten kin.

Hearrenfean wol it berjocht noch net befêstigje. 'As wy transfernijs te melden hawwe dan komme wy dêrmei nei bûten as it nijs is', seit technysk direkteur Johan Hansma.

Foar Hearrenfean soe it bedrach fan 6 miljoen euro in moaie ynstruier wêze. En omdat de transfer pas fan 't simmer syn beslach krijt, is der in soad tiid om in ferfanger te sykjen. Djuricic is dit seizoen de smaakmakker by SC Hearrenfean, tegearre mei spits Alfred Finnbogason.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)