Filiaalsjefs ûntslein by Bentex

18 maaie 2006 - 10:59

By kleanwinkel-keten Bentex ha woansdei 13 fan 43 filiaalsjefs dien krigen. It giet om acht sjefs fan Fryske festigings fan Bentex. De sjefs krigen it nijs woansdeitemoarn te hearren op in byienkomst mei de haaddireksje.

Fakbûn CNV hat beswier tsjin de ûntslaggen. De sjefs dy't dien krigen ha, binne krekt de minsken dy't ek aktyf west ha yn de ûndernimmingsried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)