Files op A7 troch botsing

12 des 2000 - 11:08

Twa frachtweinen binne moandei op de A7 by Drachten op elkoar botst. It ûngemak feroarsake yn beide rjochtingen files. De brânwacht moast ien sjauffeur út de kabine befrije. Hy hie swier rêchletsel.

Tusken De Haven en Beetstersweach kaam in frachtauto op de oare rydstrook telâne nei't de wein tsjin in ridende ôfsetting fan Rykswettersteat ried. De oare wein rekke yn de sleat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)