Files op A32 by Wolvegea

27 okt 2008 - 12:42
  • Oerlêst troch wurksumheden oan de dyk

Automobilisten moatte noch oant Krysttiid rekken hâlde mei in file op de A32 by it ôfsletten stik dyk by Wolvegea. Rykswettersteat hat al in skoft lyn de helte fan de dyk ôfsletten oer in ôfstân fan 10 kilometer. Dat soarget sûnt dy tiid foar fertraging yn de moarnsspits.

Freed en moandei stiene der lange files, omdat no mei it herstelwurk begûn is. Neffens Rykswettersteat bliuwt it foarearst sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)