File-ynhellers pakt nei plysje-achterfolging

01 maaie 2015 - 11:02
  • (foto-ympresje)

In 23-jierrige Ljouwerter en in 33-jierrige Lemster binne tongersdeitejûn nei in efterfolging troch De Jouwer oanhâlden. De mannen rieden oer de flechtstrook in file op de A7 foarby. In plysjeman dy't ek yn de file stie, seach dat en warskôge syn kollega's. Mei ferskate auto's waard de efterfolging ynset. De manlju sprongen op De Finne út de auto en naaiden út.

Mei help fan in plysjehûn waarden de twa fûn. Beiden moasten in bloedproef dwaan, om't de plysje tinkt dat de manlju ûnder ynfloed fan drank of drugs wiene. Se sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)