File op A7 by De Jouwer

04 sep 2004 - 12:46

Op de A7 foar de rotonde fan De Jouwer steane files. Ferkear út de rjochtingen Snits en It Hearrenfean moat rekken hâlde mei fertraging. Dat komt trochdat Rykswettersteat wurket oan de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer.

Troch it moaie waar is it neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat folle drokker op de dyk as ferwachte. De wurksumheden tusken De Jouwer en De Lemmer duorje sneon noch de hiele dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)