File nei botsing mei fjouwer auto's op A7 by Fryske Peallen

26 nov 2015 - 18:32

In botsing mei fjouwer auto's soarge tongersdeitejûn foar in file fan 6 kilometer op de A7 by de ôfslach Fryske Peallen. It giet om it ferkear dat fanút Grinslân rjochting It Hearrenfean rydt. Ien rydstrook wie ôfsletten foar al it ferkear, meldt de ANWB.

Hoe't it mei de ynsittenden fan de auto's is, is op dit stuit noch net bekend. Nei in goed heal oere waard de autodyk wer frijjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)