Fikse skea troch útslaande brân yn wenning Ljouwert

12 feb 2015 - 06:42
  • útslaande brân yn wenning Ljouwert

Troch in útslaande brân is in wenning oan de Wilgenstrjitte yn Ljouwert woansdeitenacht swier skansearre rekke. It fjoer bruts koart nei tolve oere út. Op de boppeferdjipping stie in sliepkeamer yn 'e brân. De brânwacht hat it fjoer blust. It hûs is foarearst net bewenber. Benammen de boppeferdjipping hat fikse skea oprûn.

It is noch net dúdlik hoe't it fjoer ûntstean koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)