Fikse skea nei brân yn bedriuwekompleks Dokkum

20 sep 2015 - 10:11

By in grutte brân oan de Holwerterwei yn Dokkum hat sneintemoarn in bedriuwssammelgebouw grutte skea oprûn. It fjoer bruts om kertier oer fiven hinne út yn it achterste part fan it gebou. Dêrnei sloech it fjoer oer nei de rest fan it gebou. De brânwacht moast in gat yn it dak meitsje om de brân goed bestride te kinnen.

Yn it gebou sitte fjouwer bedriuwen. It giet ûnder oare om in fitness-sintrum en in autorydskoalle. It fjoer ûnstie yn in houtferwurkingsbedriuw yn it kompleks. Om sân oere wie de brân ûnder kontrôle.

De bedriuwen hawwe fikse reek- en wetterskea oprûn. De eigeners krije help fan de stichting Salvage. Dy soarget nei ynsidinten foar earste praktyske help en opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)