Fikse boete NMa foar CR Delta

07 jan 2004 - 00:00

CR Delta, de leveransier fan sperma fan fokbollen, hat in boete fan 2,6 miljoen euro krigen fan de Nederlânske Mededingingsautoriteit (NMa). CR Delta, mei ûnder oaren in grutte festiging op It Hearrenfean, wurdt beskuldige fan misbrûk fan syn posysje.

Mei in merkoandiel fan 80% is CR Delta de grutste leveransier fan fokbolle- sperma oan Nederlânske feehâlders. De ûndernimming skerme neffens de NMa de merk ôf mei koartingsregelingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)