Fikse boete foar Piter Jelles

12 jan 2008 - 10:48

Skoallemienskip Piter Jelles Aldlân yn Ljouwert moat twa-en-in-heale ton boete betelje oan it ministearje fan ûnderwiis. De skoallemienskip krijt de boete omdat se yn it skoallejier 2006/2007 te min les jûn ha.

It ministearje tinkt dat se oardel oant trije moannen te min les jûn ha. De skoallelieding fan it Piter Jelles it it hjir net mei iens. Neffens de direksje binne tal fan frije oeren net meinaam yn de berekkenings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)