Fiks tekoart Eaststellingwerf

02 okt 2009 - 11:37

De gemeente Eaststellingwerf moat de kommende jierren bot besunigje. Fan 2011 ôf moat sa'n trije oant fiif miljoen euro besparre wurde om de begrutting klear te krijen. It tekoart hat foaral te krijen mei de ferleging fan de Ryksjilden oan de gemeente mei sa'n tweintich prosint.

Troch flink te besunigjen hat Eaststellingwerf foar 2010 de begrutting noch wol slutend krigen, mar sa't it no liket komt de gemeente yn 2011 en 2013 yn 'e reade sifers út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)