Fikjestokers op It Hearrenfean

17 maaie 2014 - 14:33

De plysje op It Hearrenfean hat it drok mei jongerein dy't by it Heidemeer foar oerlêst soargje. Se stoke ûnder oare kampfjurkes yn it rekreaasjegebiet. De plysje hâldt de jongeren yn de gaten en treedt op tsjin de fikjestokers.

De lêste jierren is der faker sprake fan oerlêst troch jongeren. Wannear't it moai waar wurdt, komt de jeugd dêr byelkoar. Earder wie ek wol sprake fan fernielings en yntimidaasje fan besikers fan it golfpark yn de buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)