Fikingring nei Fries Museum

31 mrt 2009 - 12:12
  • Fikingring bliuwt yn Fryslân

De bysûndere gouden ring út de Fikingtiid dy't de Lemster amateur-archeolooch Henk Batstra twa wike ferlyn yn Gaasterlân fûn, hat in plakje krigen. Batstra hat de ring yn brûklien jûn oan it Fries Museum yn Ljouwert.

Eksperts sille de ring taksearje. Dêrnei is it de bedoeling dat it museum de ring fan Batstra keapet. De earste skattingen rinne fan 10.000 oant 30.000 euro. It museum wol de ring graach eksposearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)