Fikingen nimme Noardwâlde yn

06 jul 2013 - 18:04

Noardwâlde is dit wykein oerfallen troch Fikingen. De Skandinavyske striders binne foar it earst nei ús provinsje kaam, om sjen te litten hoe't it folk yn it ferline libbe. Yn Noardwâlde gean se dit wykein flink wat jierren werom yn 'e tiid. Goed hûndert Fikingen út binnen- en bûtenlân litte tal fan âlde gebrûken sjen. Yn it sintrum wie ek in bysûndere brulloft, ek yn de sfear fan de Fikingen.

Skatting is dat der in pear tûzen minsken op it Fikingwykein ôfkaam binne. De organisaasje sprekt fan in sukses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)