Fiking-ring noch net yn museum

11 sep 2009 - 10:25
  • Underhannelings oer fikingring noch geande

It Fries Museum is noch net yn it besit fan de gouden Fiking-ring dy't yn maart fûn waard yn Gaasterlân. Finer Henk Batstra fan 'e Lemmer en it museum binne noch yn ûnderhanneling oer de priis. Neffens Batstra hat it museum in bod dien mar dat wie fierste leech. Hy hat ek kontakt mei in museum yn London en yn Kopenhagen.

Ein septimber sille beide partijen wer om tafel. Dan sil besletten wurde oft de besûndere ring yn Fryslân bliuwt of net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)