Fiifde winst Arjan Stroetinga

17 des 2011 - 22:01

De BAM-Univé ploech is werom fan in trainingskamp op Tenerife en dat sil it peloton witte. Yn Breda wie Arjan Stroetinga fan dy ploech yn de tsiende wedstriid om de KPN Maraton Kup nei 125 rûntsjes de rapste. Yn de finale waard er goed brocht troch ploechmaat Bob de Vries. Ingmar Berga waard twadde, Rob Hadders tredde.

Hast de hiele BAM-ploech hie de lêste twa maratons (Assen en Amsterdam) net meidien. By de froulju pakte Foske Tamar van der Wal har sânde winst foar de KPN Kup. Maria Sterk waard twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)